Nije bondel fan Willem Abma
Woansdei 21 novimber ferskynt in nije bondel fan Willem Abma mei de titel “Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben”. De bondel bestiet foar it grutste part út religieuze poëzij. De skriuwer waard tige kristlik grutbrocht wat in djippe útwurking op him hie. Hy keas der dan ek foar om theology te studearjen om antwurd op syn fragen te krijen. Mar der kamen mear fragen by as dat der oplost waarden. Dat resultearre deryn dat er sa’n 40 jier de tsjerke mijde. Earst op syn 59ste fûn er it paad fan tsjerkegong werom. Sûnt 2014 giet Abma no en dan foar yn ûnderskate tsjerken.