Nije Fryske Natoergids oer Nachtflinters

By útjouwerij Wijdemeer yn Ljouwert is in nije Fryske natoergids oer nachtflinters ferskynd. De gids waard presintearre yn Earnewâld tidens “Earth Hour”, by in evenemint yn it kader fan it projekt “Feel the Night”. Skriuwer-gearstaller Sake P. Roodbergen oerhandige it earste eksimplaar oan Nynke-Rixt Jukema fan dat projekt en oan direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea. “Nachtflinters” is it ferfolch op de Fryske natoergids oer Deiflinters en libellen, dy’t Sake P. Roodbergen yn 2015 publisearre. Earder ferskynden fan him al gidsen oer Fûgels en Blommen.

De gids jout in beskriuwing fan de wichtichste soarten fan de Nederlânske nachtflinters, mei in aksint op de Fryske sitewaasje. Elke side toant in foto fan it imago fan elke soart en fan de rûp, it wyfke of de aaikes, en neamt de wichtichste skaaimerken, gedrachskomponinten, biotoop en de fleantiid fan de soart. Yn de yndeks wurde alle nammen op in rychje set: de Fryske, Hollânske en wittenskiplike. Fierder jout de Literatuerlist alle wichtige boeken oer de makro-nachtflinters yn gronologyske folchoarder.

De gids kostet € 12,50 en is te keap yn de boekhandel en yn de webshop fan Wijdemeer.

Highres ôfbyldings en resinsje-eksimplaren binne te krijen fia dit mailadres. Kontaktpersoanen: Louw Dijkstra (útjouwer), tel. 058 700 9714, Sake P. Roodbergen, tel. 0566 551 480.