No te downloaden: de fergese app Fauna yn Fryslan

De app beskriuwt goed 200 bistesoarten dy’t karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne; dat giet fan (hast 100) fûgels fia fisken en sûchdieren oant amfibyen en ynsekten.

Fierder befettet de app natoerfoto’s, lûdsopnamen, gâns spriedingskaarten en ynformaasje oer de soart yn de Fryske taal. Mei GPS kin de brûker de app – dy’t stand alone is, sadat men net online hoecht te wêzen – ek poerbêst yn it iepen fjild brûke. Dêr is de app ek op ynrjochte, om’t er gâns geografysk materiaal befettet, lykas in basiskaart, boaiemsoarten, ynformaasje oer natoergebieten, kuierrûtes, fûgelhutten, einekoaien, terpen en eardere stinzen.

De app befettet boppedat de earste folsleine, yntegrale list fan de hast 1500 faunasoarten dêr’t op ’t heden in Fryske namme foar bestiet; dy list is sawol NL > Frysk as oarsom te rieplachtsjen. En foar de jongerein is in natoerkwis opnaam om de kennis te testen en út te bouwen.

Yn de rin fan it kommende healjier sil op basis fan brûkersûnderfinings in update taret wurde. Boppedat wurdt in boekprojekt op priemmen set dêr’t deselde 200 soarten yn behannele wurde; boek en app binne ûnderdiel fan in grutter projekt, Natoer yn Fryslân.

De app is in inisjatyf fan Taalburo Popkema en Utjouwerij Wijdemeer; Naturalis út Leiden hat de technyske ûntwikkeling op syn noed naam en gâns biologyske ynformaasje levere. De app is fierder mooglik makke troch û.o. de provinsje Fryslân, it Fryske Gea en de BFVW.

Yn de App Store en de Play Store is de app te finen mei de stekwurden: Fauna Fryslan.