Fryske natoergids oer beammen

Freed 28 maaie ferskynt it fiifde diel yn de rige Fryske natoergidsen fan Sake P. Roodbergen, it diel oer beammen. It doel fan dizze rige is it op in hânsume manier beskikber meitsjen fan aktuele kennis fan de natoer yn Fryslân en it bydragen oan it brûken en fêstlizzen fan de Fryske soartnammen.

De gids bestiet út in yngeande beskriuwing fan de 70 meast foarkommende beammen yn Fryslân en fierder in wiidweidige ynlieding, in register en literatuerlist. As ekstra is in katern mei de tsien moaiste beammen fan Fryslân opnommen mei in QR-koade derby om se maklik fine te kinnen.

  • Sake P. Roodbergen
  • Fryske Natoergids Beammen
  • 224 siden, priis € 12,50 ISBN 978 949 2052 742