Boek oer keunstner Rein Halbersma

Freed 18 septimber ferskynt it boek EACHWIID – in oersjoch fan it wurk fan Rein Halbersma. Rein Halbersma (1949) hat yn 40 jier keunstnerskip in oeuvre opboud dat foaral bestiet út oaljeferfskilderijen, akwarellen en wosken inket- en kryttekeningen. Syn wurk is figuratyf en in wjerslach fan de fassinaasjes dy’t er syn libben lang trou bleaun is, benammen Noardeast-Fryslân en syn lânskip. Brede bekendheid hat er krigen troch syn skilderijen fan hynders.

Yn it boek EACHWIID binne sa’n 70 wurken fan him opnaam, mei begeliedende teksten fan skriuwer (en omkesizzer) Jack de Boer.  Tagelyk mei de presintaasje fan it boek wurdt in eksposysje iepene mei wurk fan Halbersma yn Musseum it Fiskerhûske yn Moddergat.

Boekynfo:

Tekst: Jack de Boer
Foarmjouwing: Boudewijn Boer
Utfiering: hardcover, fullcolour, 80 siden ISBN/EAN 978 949 205 268 1, priis € 19,50