Nije Fryske natoergids oer poddestuollen presintearre op de Europese Dag van de Paddenstoel

Sneon 23 septimber wurdt de Fryske natoergids poddestuollen fan Sake P. Roodbergen presintearre. De gids jout in beskriuwing fan de wichtichste soarten poddestuollen yn Fryslân en beskriuwt yn in wiidweidige ynlieding de wichtichste saken oer poddestuollen en de poddestuollekunde, mei it aksint op de Fryske sitewaasje.

De presintaasje fan de gids is sneon 23 septimber om 9.30 ûre, oan it begjin fan in ekskurzje fan de Paddenstoelen Werkgroep Friesland. Startplak foar dizze ekskurzje is it begjin fan it Mem Wedman-paad (learzepaad 2,5 km) oan de Rohelsterweg bij Bûtenpost. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.

Sneon is ek de Europese dag van de Paddenstoel. Rûnom yn Europa binne der aktiviteiten om de poddestoel hinne. De doelen fan de Europeeske dei fan de Poddestoel binne:

-Ferheegje fan de iepenbiere belangstelling foar poddestuollen.

-Kennis fergrutsje oer poddestuollen en skimmels, mei ekstra klam op edukaasje foar bern.

-Omtinken fergrutsje foar de needsaak om de libbensgebieten te beskermjen fan seldsume en bedrige poddestuollen.

-Tradisjonele folksnammen fan poddestuollen yn ‘e wrâld sammelje en beskermje.

De Fryske Natoergids poddestuollen is de tredde yn de rige Fryske Natoergidsen fan Sake P. Roodbergen. Eardere gidsen giene oer Deiflinters & Libellen en oer Nachtflinters. De gids hat 224 siden en kostet €12,50.