Boek oer Tony Feitsma

Op 30 augustus is by Wijdemeer it boek “Wittenskip en Beweging” ferskynd.  Yn it boek steane in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP en wie se belutsen by de Koperative Utjouwerij. Yn – letterlik – tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Boppedat hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy’t slim ôfwykte fan de gongbere.

Wittenskip en Beweging is in útjefte fan Utjouwerij Wijdemeer, op inisjatyf fan it Feitsma Fûns (‘Fûûns fwar it Frysk’). It boek is útfierd as hardcover en kostet € 25,00.

Sjoch ek de webshop fan Wijdemeer.