Uitgeverij Wijdemeer
0 items - €0.00
  • Home
  • Wat doet Wijdemeer?
  • Wat is Wijdemeer?
  • Webshop
  • Nieuws
  • Portfolio
  • Contact

Troch eigen lânskip – UTFERKOCHT

Dizze brede blomlêzing út de fersen fan Willem Abma lit de ûntwikkeling sjen fan in dichterskip: fan de iere grimmitige fersen dy’t er ûnder de namme Daniel Daen skreau, oant de skôgjende, mylde fersen út de bondel inerlik ferskinen. Der is yn dit oeuvre in grut ferskaat oan tema’s, bylden en begripen te finen, mar tagelyk is der ek in grutte kontinuïteit. Sa’t prof. dr. Philippus Breuker yn syn ynlieding fêststelt, binne benammen it tinken yn tsjinstellingen en it sykjen om in mystike ienheid fan libben en dea karakteristyk troch it hiele wurk hinne.

Willem Abma (Folsgeare 1942) krige yn 1973 de Gysbert Japicxpriis foar syn earste trije dichtbondels, dy’t er ûnder de namme Daniel Daen publisearre. Behalven poëzij hat Abma romans, in bondel reisferhalen en toaniel skreaun. Abma studearre theology yn Grins. Hy wie dosint yn it middelber ûnderwiis. Fan 1987 ôf wurket er as gesprekstherapeut.

Auteur: Willem Abma
Inleiding: Ph. H. Breuker
Vormgeving omslag: Gert Jan Slagter
Opmaak binnenwerk: Gert Jan Slagter
ISBN: 978-90-8185-213-5
Bindwijze: genaaid, gebonden in linnen band, stofomslag
Taal: FRL
Aantal pagina’s: 464
Verschijningsdatum: 12 juli 2012

€39.50

Uitverkocht

Contact

Zuiderbolwerk 77
9101 NE Dokkum
Telefoon: (058) 700 9714
E-mail: info@wijdemeer.nl
KvK: 53513967

Overige links

  • Privacybeleid

Social Media