Sake P. Roodbergen – Fryske natoergids Kevers
Dizze Fryske natoergids Kevers
• biedt de mooglikheid om yn de kunde te kommen mei de gauris ûnbekende, mar fassinearjende wrâld
fan de kevers
• makket de rike wrâld fan de tûzenen soarten kevers oersichtliker
• giet yn it Foaropwurd en Ynlieding yn op de wichtichste saken oer kevers en ‘keverkunde’, mei in aksint op de Fryske sitewaasje
• jout in beskriuwing fan de wichtichste soarten fan de Nederlânske kevers, mei it swiertepunt op Fryslân
• toant in foto fan it imago fan elke soart
• beskriuwt de wichtichste skaaimerken, it gedrach, de biotoop en de ferskyntiid fan in soart
• neamt yn de Yndeks alle nammen: de Fryske, de Hollânske en de wittenskiplike
• neamt yn de Literatuerlist alle wichtige boeken oer de kevers
——–
224 siden, fullcolour, ISBN 978949205268
Boekfersoarging: Richard Bos
Foto’s fan Petra Tenge, Peter Koomen, Theodoor Heijerman en oaren
Foto: It earste eksimplaar wie foar deputearre Johannes Kramer
€12.50