Jaap de Jong – Sirkelgong de see
Hoe kin in fytstocht bylâns de waadkust útrinne op in djipgeande belangstelling foar it rûndraaien fan it boeddhistyske libbenstsjil? Wat hawwe hasj op ’e boaiem fan de Noardsee, de Magic Bus en drinkelingen op de Yndyske Oseaan mei elkoar te krijen? En is it net nuver dat wrakke boatsjes grôtfol asylsikers en ûnbidich grutte, amper bemanne containerskippen elkoar op deselde wetters passearje? En wêrom huzet de ien op it noardlik healrûn noch feilich efter dún en seekearing en wâdet de oar op it súdlik healrûn oer dridzige dykjes? Wat is it ferbân tusken in oanfarring mei in Sineesk fiskersskip en de lange histoarje fan Sina? It ropt faaks allegearre fragen op. Yn dit boek komt dêr perfoarst gjin antwurd op, mar sjocht men al dy ferskynsels as los fan mekoar, sûnder iennich ferbân, dan is it heech tiid om de yn dit boek byinoar brochte ferhalen oer lân en see te lêzen.
€19.50