De takomst fan de frisistyk – Tradysje en fernijing
Op 29 maart 2019 organisearre de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins, yn ’e mande mei de Fryske Akademy, in sympoasium oer de takomst fan de frisistyk, de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal en kultuer. Hoe moat dy stúdzje stal jûn wurde no’t de niget oan talestúdzjes stadichoan minder wurdt? Wa is eins ferantwurdlik foar de takomst fan de frisistyk? Yn dizze bondel litte alve minsken út it fjild har ljocht oer dizze problematyk skine.
Redaksje: Rolf H. Bremmer Jr | Riemer Janssen |Oebele Vries
Ynhâld:
Rolf H. Bremmer Jr, Wolkomstwurd
D. Meijering, De Studieconferentie 1969. Revolutie of rimpel?
Goffe Jensma, De takomst fan de frisistyk (leit by de jongerein)
Jarich Hoekstra, De takomst fan de frisistyk út Kiel wei besjoen
Arjen Versloot, De takomst fan de frisistyk út Amsterdam wei besjoen
Siebren Dyk, De takomst fan de frisistyk op ’e Fryske Akademy
Anne Tjerk Popkema, De frisistyk as ien organisaasje?
Anne Merkuur, De takomst fan de Fryske taalkunde
Ernst Bruinsma, Wittenskip yn Fryslân
Yra van Dijk, Neerlandistiek niet geholpen met makkelijk pessimisme
Riemer Janssen, Fan wa is de frisistyk?
Utfiering:
Paperback, 64 siden
Estrikken/Ålstråke 112
In útjefte fan: Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins
€17.50