- Je kunt "Obe Postma - Selected Poems" niet toevoegen aan je winkelwagen, omdat het product niet op voorraad is.
It deistich bestean by âlds – Obe Postma
It deistich bestean by âlds is it twadde en tagelyk lêste diel mei stúdzjes op histoarysk gebiet fan Obe Postma. Syn fersprate histoarysk wurk is dêrmei maklik tagonklik makke.
De earste bondel mei histoaryske stúdzjes wie Veld, huis en bedrijf. Landbouwhistorische opstellen (2010). It karakter fan It deistich bestean by âlds is lykwols hiel oars as fan dat boek. Dat befettet meast stúdzjes fan de earste jierren, dit fan de lettere tiid; de grins leit om 1935 hinne.
Dit boek giet meast oer de santjinde en achttjinde iuw en jout in bûnt ferskaat fan ûnbekende feiten oer it deistich bestean fan boeren en boargers, ek út de stêd. Ekonomy en bestjoer krije rom omtinken.
Sa’t Veld, huis en bedrijf in boek is foar de wittenskipper, is dit boek mear foar de ynteressearre leek. Dêrmei wjerspegelje se twa kanten fan Postma, dy’t yn de tiid by him op elkoar folgen. Tegearre meitsje se it byld kompleet fan de man dy’t neist de dichter ek de gelearde fan it Fryske lân en libben wie.
Obe Postma, It deistich bestean by âlds
Samle histoaryske opstellen II
Utjûn troch Philippus Breuker
ISBN 978 949 2052 124
€39.50