Jant van der Weg – Boeken en bern
Jant van der Weg, Boeken en Bern – kinderliteratuur in soorten
In samling fan artikels fan Jant van der Weg, dy’t dit jier 75 jier wurdt, oer berne- en jongereinliteratuer
It begûn mei foarlêzen en it rûn út op stúdzje, skriuwen en oersetten. Stúdzje en ûndersyk leveren sadwaande artikels en boeken op. In tal fan de artikels dy’t de ôfrûne tritich jier yn tydskriften ferskynden, hawwe yn dit boek in plak fûn. Sa jout dit gehiel in byld fan wat der yn dat tiidrek allegear te rêden wie yn berneboekelân, it Fryske sawol as it Nederlânske. Dêrby waard ek oer de grinzen sjoen.
Jant van der Weg (1939) wurke oan de Fryske Akademy en skreau oer berneliteratuer yn it Friesch Dagblad. Dêrneist sette se berneboeken oer en skreau se ferskate artikels en boeken. Fan hantsjeklap en sûkerbak stie op de Honourlist fan IBBY (International Board on Books for Young People). Yn 2000 promovearre se mei in proefskrift oer Fryske bernepoëzij. Foar har ynset op it mêd fan berneliteratuer krige se yn 2007 de Hiëronymus van Alphen Prijs en waard se yn 2014 útroppen ta earelid fan IBBY.
Auteur: Jant van der Weg
Vormgeving omslag: Gert Jan Slagter
Vormgeving binnenwerk: Richard Bos
Aantal bladzijden: 264
Taal: FRL, NL, EN
Uitvoering: hardcover
ISBN: 978 894 9205 202 5
€25.00