Ljip en aai yn hert en holle - Pieter Breuker

Ferskynt 20 maart

Sa bedrige as de ljip langer yn it ‘frije’ fjild is, sa oanwêzich is er (miskien krekt mei dêrom wol) yn it libben fan de Friezen.

Yn it boek Ljip en aai yn hert en holle fan Pieter Breuker steane de ljip, syn aai en dêrmei ek it aaisykjen sintraal. De skriuwer hat foar syn ûnderwerp trije ynfalshoeken keazen: it gefoel (hert), de ferwurking dêrfan yn wurden en bylden (holle) en it aaisykjen sels. Mei-inoar binne goed 100 skilderijen, tekeningen, oare yllustraasjes en (fragminten fan) gedichten en ferhalen oer de ljip en it aaisykjen opnommen.

Mar al hoe grut oft it plak fan de faak heechwurdige keunstuteringen ek is, it boek jout folle mear. It giet om ljip en aai yn it libben fan de ‘gewoane’ aaisiker. Dy is yn it fjild te finen, dy ferstiet en brûkt it aaisikersjargon, dy is de finer fan it earste aai. Der binne yn dat ferbân haadstikken oer: de ljip yn de Fryske folkskunde; de ljip en syn nammen; de aaisikerstaal; it earste ljipaai: jild, eare en rom; it aaisykjen as sport; grappen en bedroch mei it earste aai.

Pieter Breuker (*1945) is sporthistoarikus en wie oant syn pensjoen yn 2010 wittenskiplik meiwurker foar it Frysk oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy publisearre ûnder oaren Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren 1850-1900 (2012).

Hardcover, 160 siden, folslein full-colour
Priis € 25,00
ISBN 978 9492 052 070


 

Prijs per stuk: € 25,00
Aantal: