Programma presintaasje Obe Postma "It deistich bestean by âlds"

Kopafbeelding

Boekpresintaasje It deistich libben by âlds

Datum: freed 2 oktober. Plak: Frysk Lânboumuseum, Koaidyk 8b, 9264 TP, Earnewâld (Tel.: 0511-539420). Wa't derby wêze wol: graach opjaan by de skriuwer fan it Obe Postma Selskip:

It deistich bestean by âlds – fan de hân fan Philippus Breuker, ûnder meiwurking fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en Klaske Straatsma – is it twadde en tagelyk lêste diel mei stúdzjes op histoarysk gebiet fan Obe Postma. Syn fersprate histoarysk wurk is dêrmei maklik tagonklik makke. De earste bondel mei histoaryske stúdzjes wie Veld, huis en bedrijf. Landbouw­historische opstellen (2010). It karakter fan It deistich bestean by âlds is lykwols hiel oars as fan dat earste boek. Dat befettet meast stúdzjes fan de earste jierren, dit fan de lettere tiid. De grins leit om 1935 hinne. Dit boek giet meast oer de santjinde en achttjinde iuw en jout in bûnt ferskaat fan ûnbekende feiten oer it deistich bestean fan boeren en boargers, ek út de stêd. Ekonomy en bestjoer krije rom omtinken. Sa't Veld, huis en bedrijf in boek is foar de wittenskipper, sa is dit boek mear foar de ynteressearre leek. Dêrmei wjerspegelje se twa kanten fan Postma, dyt yn de tiid by him op elkoar folgen. Tegearre meitsje se it byld kompleet fan de man dyt neist de dichter ek de gelearde fan it Fryske lân en libben wie.

 

Programma:

(1)         13.30 oere: ynrin mei kofje/tee.

(2)         13.45 oant 13.55 oere: iepeningswurd troch George Huitema, foarsitter Obe Postma Selskip.

(3)         13.55 oere: oanbieding troch Philippus Breuker fan it earste eksimplaar fan it boek It deistich bestean by âlds oan Jehannes van Dijk, Ferwert (auteur fan tal fan publikaasjes oer Ferwert en Ferwerteradiel).

(4)         14.00 oant 14.15 oere: taspraak troch Jehannes van Dijk oer syn aktiviteiten en publikaasjes op it mêd fan de lokale skiednis fan noardeast Fryslân.

(5)         14.15 oant 14.45 oere: taspraak  troch Hans Zijlstra oer De Sneuper (út Amsterdam, haadredakteur fan De Sneuper, it blêd fan de lokaal-histoarisi út Dokkum/noardeast Fryslân).

(6)         14.45 oant 15.05 oere: taspraak troch Piet Nieuwland, Hurdegaryp, oer de skiednis fan Tytsjerksteradiel.

(7)         15.05 oant 15.25 oere: Philippus Breuker giet yn op opset en ynhâld fan it boek It deistich bestean by âlds.

(8)         15.25 oant 15.30 oere: ôfsluting troch George Huitema, foarsitter Obe Postma Selskip.

(9)         15.30 oant 16.00 oere: skoft, dêrnei museumbesyk resp. resepsje.